Priizen foar brea en sūkerbōle

17-11-2012
Us bakker Ytzen Wassenaar wie op 'e nij suksesfol by de lânlyke Bakkersvakwestriiden yn Drachten.

It hearlike brea fan Wassenaar wie goed foar in earste priis. En de sûkerbôle eindige op in tredde plak. Ek foar learlingbakker Jurgen Leistra wie it in slagge dei. Syn fruchtecake foel krekt bûten de priizen. San 200 bakkers diene mei en hawwe harren produkten keure litten yn ferskate klassen.

De lêste jierren hat Wassenaar wol faker priizen wûn mei syn beskút, brea, koeke en banket.

De jierlykse Bakkersvakwedstriiden waarden organisearre troch de Stichting Bakkersvakwedstrijden.

Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI