Ble minder slt

9-5-2012
By Bakkerij Andringa wurdt al jierren hieltyd minder sâlt tafoege oan de bôlen en de broadsjes.

Sâlt sit yn hast alles dat jo ite. It sit der fan natuere yn of it is tafoege. Oft jo no tsiis of koekjes ite, fleis of iis, pizza of bôle: der sit hast altyd wol keukensâlt yn.

Smaakmakker
Dat de measte minsken fan sâlt hâlde is net sa frjemd. Sâlt is in echte smaakmakker. En we wenne gau oan sâlt iten. Sa maklik dat we der al gau te folle fan krije. Lykwols wenne we krekt sa gau oan mider sâlt yn ús iten as oan minder sûker yn ús tee.

Deslede smaak, noch sûner!
Sûnt 2008 brûke we by Bakkerij Andringa hielty minder sâlt. We dogge dat sa, dat de kwaliteit fan ús bôle gelyk bliuwt en dat jo der neat fan priuwe. Us bôle bliuwt lekker luftich en fol fan smaak én wurdt ek noch ris hieltyd sûner.
No al, foege we minder sâlt ta dan de noarm dy't steld wurdt troch it Voedingscentrum.

Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI