Taart, gebak of oranjekoeke

mei foto of ôfbylding


Foar alle jierdeis in leuke traktaasje. Mar ek geskikt foar spesjale saaklike gelegenheden, bygelyks in jubileum of de iepening fan jo bedriuw!
Fan in Petit four mei jo logo oant in taart mei in foto op maksimaal A4 formaat. Der is fan alles mooglik.

Kom nei ús winkel om jo winsken te besprekken. Ha jo jo bestelling pleatst, dan stjoere jo de foto, it logo of de ôfbylding nei info@bakkerijandringa.nl of jo jouwe de foto ôf yn de winkel. Wy printsje dizze mei ytbere inkt op ouwel (ytber papier). De ôfbylding wurdt op in taart of op in Fryske oranjekoek lein. Dêrnei wurdt dizze ôfwurke mei slachrjemme. Jo taart kin ek foarsjoen wurde fan tekst.

Leverje jo de ôfbylding twa dagen fan te foaren oan, dan soargje wy dat jo spesjale traktaasje op 'e tiid klear is.
Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI