Koeke en cake

Fryske reepkoeke

Zoetelief, wite of brune koeke. In stikje reepkoeke is in lekkere kofjesnack dy 't fan âlds in protte iten wurdt yn Fryslân. Alle woansdeis is by Bakkerij Andringa koekedei. Foar alle soarten reepkoeke én foar ús keallepoat en sûkerkoeke betelje jo dan mar € 1,50 it stik.

Lúkse koek

Lúkse koeken? Kar genôch by Bakkerij Andringa. Farske fulde koek, fanylje staafkes of fruchtepencees; samar in greep út ús grutte assortimint. Hâlde jo mear fan in lyts koekje by de tee, tink dan ris oan ús Fryske dúmkes, krânskoekjes of sûkertaai.

Lúkse cake

Boerebûtercake, Indyske cake of in stikje nûtsjekoeke; it smakket altyd goed.
Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI