Berte lekkers

Sûkerboffert of krinteboffert

In moaie Fryske tradysje by de berte fan in poppe is de boffert. In Fryske sûker- of krintebôle yn de foarm fan in tulbân. Oarspronklik waard de boffert troch de neiste buorlju jûn.
In boffert mei dêrop in lytse boffert bestjut dat de kreamfrou in jonkje krigen hat. Hat de kreamfrou in famke krigen, dan krijt de famylje in boffert sûnder lytse boffert.
Of der waard in krinteboffert jûn by jongesoannen en in sûkerboffert by jongedochters. Foar mar € 12,50 ha jo in hearlik berte kado, feestlik ferpakt, mei in pakje boerebuter.

Bertetaart

In taart mei de ôfbylding fan it bertekaartsje of in foto fan de poppe én mei in prachtige garnearing! Ek dat is mooglik by Bakkerij Andringa. Freegje yn de winkel nei de mooglikheden.

Poppebak

Alle wiken bakke wy nei eigen resept ús bakken. Ek hearlik mei rôze of blauwe bertemûskes.

Fries Nederlands

alle

woansdeis

KOEKEDEI